Swimbaden foar seehûnekresj

11 aug 2011 - 11:27

De seehûnekresj yn Pieterburen hat mear as 60 swimbaden oanbean krigen. Ferline wike die de kresj in oprop foar swimbaden om't se dizze simmer in rekôrtal fan 218 gûlers opheine. In part fan de oanbeane baden is net te brûken omdat seehûnen frijwat sterke neils ha. Fiif grutte polyester swimbaden dy't oanbean binne troch in bedriuw binne yntusken by de seehûnekresj pleatst.

In oar bedriuw bringt ynkoarten noch fjouwer oare spesjale units.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)