Leaf set rjochtsaak troch

11 aug 2011 - 11:14

Snobbersguodfabryk Leaf set de rjochtsaak tsjin de oanwizing fan it fabryk yn Snits as ryksmonumint troch. It giet Leaf dêrby net om de bûtenkant fan it gebou, mar om de binnenkant.

De rjochter frege de monumintetsjinst en Leaf earder om te besykjen om der yn goed oerlis út te kommen. Dat oerlis hat der ta laat dat it bedriuw fleksibeler omgean kin mei de binnenkant fan it fabryk, mar dat is neffens Leaf net genôch om ynspylje te kinnen op ûntwikkelings op 'e merk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)