Omrin:gjin boaiemjiske oer see

Offalferwurker Omrin ferfiert foarearst gjin boaiemjiske mear oer de Waadsee. De jiske is dat wat oerbliuwt nei it ferbrânen fan it ôffal yn de oven yn Harns. It wurdt mei skippen nei Sluiskil yn Seelân ferfierd om dêr fierder ferwurke te wurden.
De provinsje hat hjir by it bedriuw op oantrune omdat it net dúdlik is oft it guod wol oer it Waad ferfierd wurde mei. Oant dêroer folsleine dúdlikheid is, sil Omrin de boaiemjiske ferfiere oer de binnenwetters.