Bestelbuskes populêr by dieven

De ôfrûne wiken wurdt geregeld ynbrutsen yn bestelbussen. Ut de wurkauto's wurdt djoer ark stellen. Yn Aldehaske is woansdeitenacht ek ynbrutsen yn in bestelbus.
De eigner fan 'e bus waard wekker om't hy wat hearde. Hy seach dat in man syn djoere ark út de bus helle. Hy besocht de man sels oan te hâlden, mar dat slagge net. Ek de sykaksje fan 'e plysje smiet neat op. De plysje jout de ried om bestelbussen yn in garaazje te parkearen en it ark der út te heljen.