Drint falt froulju lestich

11 aug 2011 - 10:49

De plysje hat in 30-jierrige automobilist út Diever oanhâlden, omdat er woansdeitejûn op de Houtwâl by Easterwâlde twa froulju lêstich foel. De man stapte út de auto op it momint dat de twa froulju foarby fytsten en befredige himsels. De froulju bellen dêrop de plysje.

Omdat der in goeie beskriuwing fan de auto wie, koe de man al gau oanhâlden wurde. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)