Himpplantaazje Mullum oprôle

11 aug 2011 - 09:56

De plysje hat woansdeitemoarn yn Mullum in lytse himpplantaazje oprôle. Dy siet yn in de tún achter in wente oan de Van Harinxmastrjitte. De 49 himpplanten binne yn beslach nommen en ferneatige. De 30-jierrige freon fan de bewenster hat de plysje ferklearre dat de planten fan him wiene.

De man sil him meikoarten melde op it plysjeburo. De plysje kaam de plantaazje op it spoar nei in anonime tip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)