SKS skrast moarnswedstriid

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen hat besletten om de ynhelwedstriid fan tongersdeitemoarn op 'e Lemmer te skrassen. Dat beslút is de útkomst fan in oerlis tusken de minwaarkommisje en de skippers.
Tongersdeitemoarn soe de wedstryd dy't by Ealahuzen net trochgie, ynhelle wurde. Mar yn de Lemster Baai stiet in wynkrêft fiif mei útsjitters nei seis. Net ferantwurde om te silen, sa fine skippers, minwaar-rie en organisearjende kommisje.