Pieter-Jan Postma no twadde

Pieter-Jan Postma is nei acht races yn de Finn op it Olympyske testtoernoai yn Weymouth klommen nei it twadde plak. Postma wûn de achtste race, syn tredde 'ientsje'. Yn race sân waard er fiifde. Lieder is Ben Ainslie mei 15 punten, Postma hat 22 punten.
Marit Bouwmeester wie nei njoggen races al wis fan de einoerwinning. Yn race tsien waard se twadde. De medaljerace fan tongersdei is net mear fan belang, mar wol se al winne. Marit kin har opmeitsje foar de Olympiade.