Van der Duim nei kwartfinale

© Omrop Fryslân
Tennisser Antal van der Duim hat de kwartfinale helle fan in Future-toernoai yn Spanje. De as sechsde pleatste Van der Duim wûn mei 6-2 en 6-1 fan de Spanjaard Lizariturry. Yn de kwartfinale moat er no tsjin de nûmer ien fan de pleatsinglist en de nûmer 185 fan de wrâld Carreno-Busta.
Van der Duim is op dit stuit dwaande mei in opmars. Hy stiet no op plak 423 fan de wrâld.