Museum wol poppen wol hawwe

10 aug 2011 - 19:26

Boartersguodmuseum De Boerepleats yn Ychtenbrêge wol de poppekolleksje fan Jannie de Boer fan Snits wol hawwe. Sy ferstoar yn maart en liet mear as hûndert poppen nei, klaaid neffens de styl fan in bepaalde tiid, fan it jier 500 oant 1950.

De neibesteanden hawwe sels gjin plak. Se sochten ien dy't de kolleksje oernimme wol. It boartersguodmuseum yn Ychtenbrêge hat romte genôch. De poppen binne in moaie oanfolling op de eigen kolleksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)