Bouwmeester wis fan winst

10 aug 2011 - 16:00

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is al wis fan de winst by de pre-Olympyske wedstriden yn it Ingelske Weymouth. Mei de lêste gewoane race noch foar de boech en de medaljerace op tongersdei kin se net mear ynhelle wurde troch de konkurrinsje.

Marit waard yn de 9e race fjirde. Se hat no 15 punten. De nûmer twa, de Belgyske Evi van Acker, hat 43 punten. As Bouwmeester yn de lêste twa races as lêste einiget en Van Acker as earste bliuwt Bouwmeester winner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)