Swarte earrebarren Raerd

10 aug 2011 - 15:47

By Raerd binne swarte earrebarren sinjaleard. De fûgels wurde hieltyd mear yn Fryslân sjoen.

De swarte earrebarre oerwinteret yn Afrika, mar briedt benammen yn de grutte boskgebieten yn East-Europa. Hieltyd mear dogge se Nederlân oan op harren wei nei it easten. Yn maaie en augustus wurdt de fûgel it meast yn Fryslân oantroffen. De swarte earrebarren by Raerd binne nei alle gedachten no wer ûnderweis nei Afrika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)