Kûpstuoltsjes by de Freule?

10 aug 2011 - 12:46

It Freulebestjoer ûndersiket oft der ferlet is fan kûpstuoltsjes foar it publyk. In kaartsje sil dan wol fiif euro mear kostje. De taskôgers fan de Freulepartij krigen woansdei in fragelist. Se kinne sa oanjaan oft se in pear euro oer ha foar in nofliker sitplak. Mochten der kûpstuoltsjes komme, dan binne der wol minder sitplakken. Mar der is noch wol romte om de tribunes út te wreidzjen.

Op 'e tribunes en de banken lâns it fjild is no plak foar 2.000 taskôgers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)