Skip op Snitsermar evakuearre

10 aug 2011 - 10:01
  • Partyskip Abel Tasman rekke fêst op 'e Snitsermar

93 opfarrenden fan partyskip Abel Tasman op 'e Snitsermar binne tiisdeitenacht evakuearre. It skip rekke yn it Prinses Margrietkanaal bûten de fargeul en rekke fêst. It slagge net om it skip los te krijen.

Dêrom binne de opfarrenden fan it skip helle. Derby is ek de pont fan it starteilân brûkt. De minsken binne mei bussen nei in hotel brocht. It skip koe woansdeitemoarn troch sleepboat Fifty Fifty fan Snits wer loslutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)