Plak socht foar poppekolleksje

09 aug 2011 - 20:24

De erven fan Jannie de Boer-de Vries fan Snits sykje in ûnderkommen foar in bysûndere poppekolleksje. Frou De Boer ferstoar yn maart fan dit jier. Se lit mear as hûndert poppen nei, mei bysûndere klean, dy't se sels makke hat. De poppen binne hielendal neffens de styl fan in bepaalde tiid, fariearend fan it jier 500 oant 1950.

De famylje hat gjin plak foar de kolleksje yn syn gehiel en wol dy no graach skinke oan ien dy't der goed op passe wol

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)