Mobyl opereare yn Emmeloard

09 aug 2011 - 20:00

Yn de festiging fan it Antoniussikehûs yn Emmeloard wurde ynkoarten ek operaasjes dien. Dêr wurdt spesjaal in mobile operaasjekeamer foar ynrjochte. Dy foarsjenning is needsaaklik omdat de operaasjekeamers yn it Snitser Antoniussikehûs ferboud wurde. Om foar te kommen dat der te min kapasiteit is, komt der yn Emmeloard romte om minsken te helpen.

De earste operaasje stiet pland op 20 septimber. De ferbouwing yn Snits duorret in lyts jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)