Lakenvelder ko: rekôr molke
Ko Ivanca fan de maatskip Hoekman De Witte yn Easthim is tiisdei mei in feest yn it sintsje set. De ko hat 100.000 liter molke jûn. Op himsels is dat net hiel byûnder mear, mar wol as it om in ko fan it ras Lakenvelder giet.
It Lakenvelder ras mei de opfallende brede bân oer de rêch jout minder molke as de trochsneed swartbûnte melkko.