Wageninger slacht famke

Ien fan de jongeren út Wageningen dy't har misdroegen hawwe op Flylân, is troch de plysje oanhâlden foar swiere mishanneling. Hy sit fêst op it buro op it eilân. De groep jongeren is fan it eilân set, omdat se minsken lestich foelen, dwers diene yn in kafee en alkohol dronken op strjitte.
De oppakte jonge (17) hat in famke fan 18 yn it gesicht slein. Sy hat nei alle gedachten in harsenskodding. It famke wurket yn in kafee-restaurant dêr't de groep ek foar oerlêst soarge.