Natuermuseum: 50.000e besiker

09 aug 2011 - 15:26

It Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert krige tiisdei de 50.000e besiker oer de flier. Dat is in rekôr, want oars hat it museum safolle besikers net iens yn in hiel jier tiid.

Grutte publykslûker wie benammen de tentoanstelling oer dinosaurussen. Yn fiif wike tiid kamen dêr 30.000 besikers op ôf. De kommende moannen organisearret it museum grutte eveneminten. Dêr wurdt ek wer in soad publyk by ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)