Figuranten Moordvrouw socht

09 aug 2011 - 14:29
  • Presintaasje Moordvrouw (foto: Omrop Fryslân - Wytse Vellinga)

De makkers fan 'e nije plysjesearje Moordvrouw sykje figuranten. De searje, mei Wendy van Dijk yn de haadrol, wurdt yn Fryslân opnaam. Hy is yn 'e maitiid 2012 te sjen op RTL4.

De makkers sykje minsken tusken 10 en 80 jier. Wa't tusken 6 septimber en 11 desimber tiid hat, kin him of har oanmelde op figuratie.moordvrouw@endemol.nl. De opnamen binne meastentiids yn Fryslân, mar ek wolris yn de studio's yn Hilversum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)