Jonge fûgel waait Waadsee oer

Argyffoto Fûgelhelling
De hurde wyn en reinbuien fan de lêste dagen soargje foar wurk by de frijwilligers fan De Fûgelhelling yn Oerterp. Ien fan de opfallendste stoarmslachtoffers is in jonge leppelbek dy't fûn waard by Terherne. It bistje hie fan Flylân ôf de oerstek nei de fêste wâl makke. Hy waard folslein út 'e liken oantroffen.
De Oerterper opfang fersoarget op dit stuit ek in pear hauken en brune hoarnskrobbers.