Snitswike goed foar omset

09 aug 2011 - 13:49
  • Foto's: Omrop Fryslân

It minne simmerwaar soarget ek foar de hoareka yn Snits foar legere omset. It is mar goed dat de Snitswike drok besocht wurdt. Dat makket de minne simmer foar in soad hotels, kafees en restaurants noch wer wat goed.

By grand café De Walrus kin it bygelyks út dat der mear as tsien man personiel omrinne. Terrasromte wurdt maksimaal brûkt. Der stean dan ek oeral taffeltsjes en stuollen. Terrasferwaarmers en luifels soargje foar noflik bûten sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)