Skûtsjesilen giet net troch

09 aug 2011 - 11:51
  • De Fluezen: ruzich wetter
  • De skûtsjes yn de fierte komme hjoed net yn aksje (foto's: Omrop Fryslân)

De skûtsjesylwedstriid op de Fluezen by Ealahuzen giet tiisdei net troch. De organisaasje woe wol, mar de skippers fine dat der tefolle wyn stiet. De wedstriid wurdt tongersdeitemoarn om 11.30 oere ynhelle by De Lemmer. Middeis is dêr dan ek de gewoane SKS-silerij om 14.30 oere. De tradisjonele yntocht yn De Lemmer fan tiisdeitejûn giet wol troch, al binne der minder skûtsjes.

Ferline wike hiene de skûtsjes noch geregeld lêst fan te min wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)