Snitswike hat lêst fan waar

09 aug 2011 - 11:35

De silerij fan de Snitswike hat bot te lijen ûnder it minne waar fan de ôfrûne dagen. Tiisdei, op 'e fjirde dei, binne de wedstriden wer stillein. Dizze kear binne de reinbuien mei de hurde wyn spulbrekker. Moandei waarden de wedstriden op 'e Snitsermar ek al stillein. Doe waaide it ek te hurd.

De Snitswike is freedtejûn iepene en sneon wie de earste wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)