Fytspaad Flylân wurdt ferbrede

09 aug 2011 - 10:41

It langste fytspaad fan Flylân wurdt breder makke. It skulpepaad rint by de Noardseekust del. Dêr kinne no twa fytsen elkoar maklik foarby. Mar omdat minsken tsjintwurdich hieltyd faker karren achter de fyts hawwe, lit de gemeente it paad 30 sintimeter breder meitsje.

It wurk wurdt fan 't hjerst útfierd. Dan is ek it gewoane ûnderhâld fan it skulpepaad. Dat wurdt ien kear yn de sân jier opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)