Jonge (17) fyts ûntstellen

Twa ûnbekende jonges hawwe yn de nacht fan moandei op tiisdei in 17-jierrige ynwenner fan Aldeholtwâlde syn fyts ûntstellen. Dat wie op it Van Harenspaad op It Hearrenfean. De jonges easken de fyts op doe't de Aldeholtwâldster krekt fuortride woe. Se drigen him ynelkoar te slaan.
De jonge joech dêrop syn fyts ôf. De twa dieders naaiden út op de stellen fyts. De plysje is no op syk nei de dieven.