Tsien oanhâldings Snitswike

Foto: Omrop Fryslân
Op de fjirde dei fan de Snitswike binne moandei tsien minsken oanhâlden. Seis wurde fertocht fan mishanneling fan oare besikers. Dêrby rekke in famke ferwûne oan de holle. Se is nei it sikehûs brocht. Yn in diskoteek binne twa manlju oanhâlden foar it stellen fan jild út it bakje by de húskes. Twa oare manlju binne oppakt foar bedriging en mislediging.
De plysje hat seis bekeurings útdield foar drinken en pisjen op strjitte.