Boargernet ek op it wetter

09 aug 2011 - 10:04

In soad Fryske beropsfiskers binne oansletten by boargernet op it wetter. Se kinne helpe by syktochten fan de plysje, bygelyks nei stellen boaten, fermisten of yllegale oaljeloazings. De fiskers krije in berjochtsje mei ynformaasje op 'e mobile telefoan.

De njoggentjin kontroleurs en fjouwer bysûndere opspoaringsamtners fan Sportfiskerij Fryslân hawwe harren koartlyn ek by wetterboargernet oansletten. Dat hat no fiifhûndert dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)