SC Cambuur wint by AGOVV

08 aug 2011 - 22:21

SC Cambuur is de kompetysje goed begûn mei in 4-2 oerwinning by AGOVV. De thúsploech kaam op foarsprong troch Michiel Hemmen. Noch foar it skoft wiene Leon Hese (2) en Mark de Vries súksesfol foar de Ljouwerters: 1-3.

Yn de twadde helte sette AGOVV oan, mar Cambuurkeeper Marco Bizot wie geweldich op dreef. Soufiane Laghmouchi brocht de spanning werom (2-3). Erik Bakker skeat Cambuur út in strafskop yn de 77e minút nei de fertsjinne winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)