Jonge katsjes falle fan auto

08 aug 2011 - 22:19

Trije jonge katsjes út Aldehaske binne op bjusterbaarlike wize kilometers lang meiriden mei in auto. Se sieten net yn 'e auto, mar earne dêrûnder. De eigners hiene neat yn 'e gaten. It is in wûnder dat se it oerlibbe hawwe.

De famylje Boersma wie op besite yn Goaiïngaryp, 8 km fierderop. Dêr oankaam seagen se ien fan de poeskes rinnen. Thúskaam wiene de oare twa katsjes wei. De iene siet by minsken thús op 'e Jouwer. De oare wie nei it asyl yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)