Wite strepen A7 te glêd

08 aug 2011 - 17:17

De A7 tusken Drachten en De Like moat de kommende nachten ticht, omdat de wite strepen op de dyk te glêd binne. Dat is gefaarlik foar it ferkear. Dy strepen binne eins noch mar in pear moanne âld. It liket net sa folle wurk om de strepen te ferfangen, mar dochs moatte der ferskate stikken fan de dyk en in tal op- en ôfritten ôfsletten wurde.

De op- en ôfrit Fryske Peallen binne moandeitenacht as earste ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)