Profronde goed besjoen

De Profronde fan Surhústerfean (foto: Wytse Vellinga)
De tritichste profronde fan Surhústerfean hat ferline wike in soad televyzjesjoggers lutsen. Dat hat de organisaasje fan de wedstriid helle út sjochsifers dy't moandei publisearre binne. Under oare Omrop Fryslân, RTV Noord, mar ek NOS, RTL en SBS joegen omtinken oan de Profronde.
Miljoenen minsken hawwe de bylden sjoen, neffens de organisaasje. Yn Surhústerfean sels kamen mear minsken as oare jierren. Der wiene 35.000 besikers.