Hearrenfean wint SKS-silerij

08 aug 2011 - 15:29
  • De rûtekaart by Wâldsein

It Hearrenfean hat moandei it skûtsjesilen by Wâldsein wûn. Twadde waard de thúsploech Wâldsein en tredde De Jouwer. It waaide dat it rikke. Dêrom waard de wedstriid ynkoarte. By de earste boei sloegen twa minsken fan it Grouster skûtsje oerboard. Dat wie doe't Grou op De Jouwer botste. It Ljouwerter skûtsje is der mei averij útgien.

Yn it klassemint stiet Snits boppe-oan, folge troch It Hearrenfean en Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)