Strjitte ûnderrûn yn Burgum

08 aug 2011 - 14:54

It needwaar fan sneontejûn hat yn Burgum ta wetteroerlêst laat. Yn alle gefallen op de Oppedyk Van Veenwei koe it wetter net sa gau fuortkomme. It needwaar begûn om healwei seizen en duorre oant sawat tsien foar sânen.

It fierljeppen yn Burgum gie ek net troch fanwege it waar. Op it sânbêd dêr't de ljeppers op telâne komme, stiene grutte wetterplassen. De wedstriid wurdt moandei ynhelle, as it waar it talit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)