Minder flinters by telling

08 aug 2011 - 12:20

By de jierlikse flintertelling binne snein yn Fryslân de helte minder flinters teld as ferline jier. Der diene 39 Friezen oan mei. Sy telden mei-inoar seishûndert eksimplaren.

Neffens telkoördinator Siep Sinnema lei de lege telling oan de rein en de hurde wyn. Dan fleane flinters net. De legere telling betsjut net dat der ek echt minder flinters binne. Sinnema is negatyf oer de takomst fan 'e bysûndere soarten. De gewoane soarten sille der wol bliuwe, tinkt er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)