Ferlies op beurzen falt ta

Han Wessels yn de dealing room (foto: Onno Falkena, Omrop Fryslân)
De beurskoersen stean ûnder druk, mar moandei 8 augustus wurdt seker gjin Swarte Moandei. Dat seit haad finansjele merken Han Wessels fan de Friesland Bank. Hy fynt dat de beurs opfallend kalm is nei alle warskôgings fan it ôfrûne wykein. De belizzers lykje ek kalm ôf te wachtsjen watfoar kant it útgiet.
Gau ferkeapje yn tiden fan krisis is net handich. Even ôfwachtsje is better, fine se yn de dealing room fan de Friesland Bank yn Ljouwert.