Gemeente stipet Peijnenburg

08 aug 2011 - 11:50

De gemeente Skarsterlân hat der alle betrouwen yn dat de fergunning foar de útwreiding fan koekefabryk Peijnenburg yn Sint Jânsgea stânhâldt by de Rie fan Steat. Dat seit wethâlder Jan Benedictus. De saak tsjinnet moandei.

In pear doarpsbewenners binne tsjin de útwreiding fan it fabryk. Sy binne benaud foar mear lûdsoerlêst en mear drokte troch frachtauto's en oar ferkear. Se fine dat in grut fabryk net yn it doarp heart. It soe better ferhúzje kinne nei De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)