Oalje dumpt yn West-Skylge

De haven fan West op Skylge (argyffoto Omrop Fryslân)
Yn de haven fan West op Skylge is dit wykein ôfwurke oalje dumpt. It guod rûn út in ôffalkontener wei de dyk op. De gemeente moast deroan te pas komme om de dyk skjin te meitsjen. Gemeentewurkers hawwe de kontener meinaam om op in oar plak de oalje derút te heljen.
De plysje siket minsken dy't wat witte oer de dieder.