Fyftich bekeurings Snitswike

08 aug 2011 - 10:14
  • Foto's: Omrop Fryslân

Yn de earste trije dagen fan de Snitswike binne fyftich bekeurings útdield foar baldadigens en drinken en pisjen op strjitte. Op it wetter binne minsken bekeurd foar te hurd farren en te folle leven meitsjen.

Der wiene santjin oanhâldings foar mislediging, yllegaal wapenbesit, fersteuring fan 'e iepenbiere oarder en fernieling. Twa manlju binne oppakt foar mishanneling. Se hiene in boatsje losmakke. Ien fan harren hie de eigner yn it gesicht skopt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)