Bouwmeester prima fan start

07 aug 2011 - 17:39
  • Marit Bouwmeester (foto: Sander van der Borch)

Sylster Marit Bouwmeester is ôfrûne wykein prima fan start gien yn Weymouth. Dat is de Olympyske syllokaasje foar de Spelen takom jier yn Londen. Fan de seis wedstriden yn de Laser Radial wûn de Wartenster trije. Mei it ôflûken fan it minste resultaat stiet Bouwmeester fier boppe-oan.

De wedstriden binne testwedstriden en duorje oant 12 augustus. Pieter-Jan Postma stiet yn de Finnklasse tred. Hy wûn ien wedstriid yn Weymouth.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)