Sprik hâldt op mei keatsen

07 aug 2011 - 15:39

Keatser Herman Sprik hâldt oan 'e ein fan it seizoen op mei keatsen. Hy wol ôfstân nimme fan de keatswrâld. Dat makke er snein bekend nei in petear mei syn partoermaten Folkert van der Wei en Marten van der Leest.

Sprik en Van der Wei setten op de PC yn Frjentsjer Van der Leest út it partoer. Van der Leest wol nei de argewaasje net mear mei syn maten yn de krite. Sprik en Van der Wei meitsje tegearre it seizoen wol ôf en sykje noch in nije opslagger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)