Van der Leest haadklasser ôf

07 aug 2011 - 15:30

Keatser Marten van der Leest hâldt mei yngong fan fuortendaliks op as haadklasser. Dat hat er snein it keatsbûn witte litten. Van der Leest waard woansdei op de PC troch syn maten Herman Sprik en Folkert van der Wei út it partoer set.

By de haadklassepartij yn Wytmarsum fan snein hat it partoer noch besocht derút te kommen, mar dat slagge net. Van der Leest woe doe ek net meikeatse yn Wytmarsum. Hy hâldt no hielendal op mei haadklassekeatsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)