Easterein wint Ald-Meiers

Foto: www.hitzum.com
De Ald-Meierspartij yn Hitsum is sneon wûn troch it keatspartoer fan Easterein mei Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra. Yn de finale wûn Easterein mei 5-1 en 6-2 fan Stiens. De lytse preemje gie nei it partoer fan Frjentsjer.
De ôfdielingskeatspartij foar fammen fan 14 oant en mei 16 jier wurdt ek wol 'de Freule foar fammen' neamd. De wedstriid waard sneon foar de tolfde kear hâlden.