'N381 ferdjippe oanlizze'

De Venekoten (foto: Omrop Fryslân)
Bewenners fan Easterwâlde-Súd wolle dat de N381 leger yn it lânskip komt te lizzen. De dyk wurdt fernijd en hy rint by de wenwyk del. De wykbewenners binne benaud dat by de Venekoterkrusing in fiadukt komt. Dat soe foar in soad lûdsdoerlêst soargje.
As de ferdjippe oanlizzing net slagget, dan soe de krusing opskowe moatte. Hy soe dan fierder fan de wyk ôf komme moatte.