Swannen wer nei Amsterdam

De 83 knobbelswannen dy't de ôfrûne wiken opfongen binne by De Fûgelpits yn Moddergat binne werom yn Amsterdam. Snein binne se útset neidat de frijwilligers fan de Fûgelspits se yn hynstetrailers werombrocht hiene.
De swannen kamen goed trije wiken lyn ûnder de oalje te sitten. Yn Amsterdam sels wie net genôch romte om de bisten op te fangen en dus gongen se op transport nei Fryslân. Dêr hawwe de frijwilligers de swannen skjinmakke.