Seesiler wol boek skriuwe

06 aug 2011 - 16:50

Cornelis Douma fan Drachten tinkt deroer om in boek te skriuwen oer it avontoer op de Atlantyske Oseaan. Sûnt freedtejûn is er wer thús yn Drachten, neidat er sûnder iennige ûnderfining de oerstek út Amearika wei makke hat.

Douma wol no earst bekomme fan syn reis, wêryn fan alles barde, lykas konstante materiaalpech, stoarmen en reinklean dy't net wetterticht wiene. Sels yn Drachten rûn er noch fêst. Oer in moanne giet Douma nei Kanada om dêr by in boer oan it wurk te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)