Grutte soargen om toerisme

Esonstêd by Easumasyl
Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma sit yn noed oer it toerisme yn Fryslân. De provinsje hat de lêste jierren hûnderten miljoenen ynvestearre yn de toeristyske sektor. Mar de lêste jierren sakket it tal oernachtings. De konkurrinsje is grut, seit Jorritsma. Dêrom moat Fryslân fierder ynvestearje yn duorsume projekten, lykas elektrysk farren en it bouwen fan akwadukten. Der wurkje 4000 minsken yn it toerisme yn Fryslân.