Rydbewizen drankriders ynnaam

06 aug 2011 - 14:36

De plysje hat freedtejûn en -nacht de rydbewizen fan fjouwer drankriders ynnaam. In 40-jierrige Holwerter waard twa kear oanhâlden. Hy krige yn Ljouwert in rydferbod. Plysjes seagen de man letter by Hallum dochs wer riden en setten him opnij oan de kant.

Yn de trije oare gefallen giet it om twa Ljouwerters fan 21 en 59 jier en in 37-jierrige Holwerter. By in kontrôle op 'e Lemmer hawwe fiif drankriders in rydferbod krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)