Strangere plysje by Snitswike

06 aug 2011 - 13:16
  • Plysje op 'e wetterscooter....
  • ...en op 'e plysjeboat (foto's: Omrop Fryslân)

De plysje treedt dit jier strang op by de Snitswike. Benammen lûdsoerlest en alkoholgebrûk op it wetter wurde hurder oanpakt. It sylevenemint is freedtejûn offisjeel begûn. De plysje is manmachtich oanwêzich mei fyftjin boaten, wêrûnder under-cover-boaten, en wetterscooters.

Freed binne der 92 blaastesten ôfnaam. Twa skippers hiene tefolle dronken. Der binne foaral boetes útskreaun foar pisjen yn it iepenbier en iepenbiere dronkenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)