Undersyk brân stjoermêst

05 aug 2011 - 20:22

De plysje yn Drinte giet der foarearst net fan út dat de brân yn de stjoermêst by Hoogersmilde ûntstien is troch strafbere feiten. Dat docht bliken út de earste resultaten fan it ûndersyk nei de brân. Oer twa wiken komt it einrapport út.

Eigner Novec docht sels ek ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. Dy bruts hast fast fjouwer wike ferlyn út. It boppeste part fan de stjoermêst bruts ôf by de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)